Gjin iepening helyplatfoarm

Hely-platfoarm Antonius sikehûs Snits © Antonius sikehûs
De offisjele iepening fan it nije helikopter-platfoarm by it Antonius sikehûs yn Snits giet tongersdei net troch. De spesjale helikopter fan definsje kin net fleane yn ferbân mei de waarsomstannichheden yn Den Helder.
De oanpassings fan it helyplatfoarm binne dien, omdat der mei yngong fan 1 jannewaris 2014 foldien wurde moat oan strangere easken. Sa is it terrein oanpast, is de markearring fernijd en is it personiel better traind. De nije situaasje is foaral fan belang by evakuaasje fan minsken fan de Waadeilannen.