Priis foar plattelânsprojekten

11 apr 2013 - 12:24

Trije Fryske plattelânsinisjativen dêr't Europeask jild foar brûkt is, binne nominearre foar de saneamde Passie op het Platteland-priis. Der binne meielkoar njoggen nominaasjes en yn Fryslân binne dat it Voercentrum yn Ljouwert, it stamboek foar de Bonte Bentheimer baarch op Skylge en de fytspont Keimpetille.

Uteinlik kiest in sjuery trije inisjativen út dy't elk 2000 euro winne en der is in publykspriis fan 1000 euro. Yn totaal binne der mear as 200 projekten yntsjinne. Op 14 maaie wurde de prizen útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)