Europeeske priis lêste fytser

11 apr 2013 - 11:48

De Hea!-reportaazje oer de lêste fytser fan de alvestêdetocht fan 2012 hat de Prix Circom wûn. Dat is in Europeeske priis foar programma's fan regionale omroppen. It programma wûn de priis yn de kategory Sport. De priis wurdt op 8 maaie útrikt yn it Spaanske Santiago de Compostella.

De reportaazje fan ferslachjouwer Janko Krist, kameraman Gerko Jonker en editor Bauke de Haan wûn yn maart ek al de Gouden NL Award.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)