Syb hat lêst fan in stalker

Syb van der Ploeg © ANP
It management fan sjonger Syb van der Ploeg freget teaters in frou út Emmeloord der net mear yn te litten. Reden hjirfoar is in ynsidint earder dizze wike yn Rotterdam. De frou dy't Syb neffens syn management al jierren stalkt foel yn de foyer fan it teater oare fans oan. De sjonger en syn manager ha har dêrnei it gebou útset.
De frou is meinaam troch de plysje en hat in nacht yn de sel sitten. Se hat oanjefte dien tsjin Syb om't hy geweld brûkt ha soe. De Ljouwerter sjonger jout ta dat it net maklik gie, mar is lakonyk oer de oanjefte.