Treinstoaring Frjentsjer-Harns
Fanwege in wikselstoaring ride der tongersdeitemoarn gjin treinen tusken Frjentsjer en Harns Haven. Arriva set op it trajekt bussen yn, dy dogge der wol langer oer. De ferwachting is dat de treinen oan de ein fan de moarn wer ride.