Plannen Dokkumer Lokaaltsje

11 apr 2013 - 10:33

De plannen foar de ûntwikkeling fan it âlde trajekt fan it Dokkumer Lokaaltsje binne tongersdei presintearre. De Stichting Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij wol mei de plannen net allinnich it toerisme yn Noard-Fryslân in flinke ympuls jaan, mar hopet ek dat it tsientallen nije banen opsmite sil.

Der sille op it trajekt Stiens-Jelsum spoarfytsen ferhierd wurde. Der binne plannen foar in museum yn Stiens en op it hiele trajekt sille herinnerings oan earder tiden wer sichtber makke wurde.

Tusken Dokkum en De Skâns sil in lytse stoomtrein komme te riden. It spoar leit der al 112 jier, mar wurdt al jierren net mear brûkt. De stichting wol de kommende jierren yntinsyf gearwurking sykje mei it bedriuwslibben yn Fryslân, sadat de hiele regio derby belutsen wurdt.

Trefwurden: 
Dokkumer Lokaaltsje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)