Huzeferkeap wer 28 % minder

11 apr 2013 - 10:21

Yn it earste fearnsjier fan 2013 binne der yn Fryslân 27,9 % minder wenten ferkocht as yn de lêste trije moanne fan 2012. De prizen fan huzen sakje ek noch hieltyd. Dat giet allinnich minder hurd as ferline jier. Dat meldt makelersferiening NVM. In gemiddelde keaphûs yn Fryslân kostet no 166.400 euro.

Dat de sifers fan it earste fearnsjier ôffalle hat te krijen mei strangere hypoteekregels dy't sûnt 1 jannewaris jilde. In soad minsken ha de keap fan in wente dêrom nei foaren helle. Neffens de NVM is de boaiem no einliks yn sicht.

De wenten wurde betelberder en ek stean se minder lang te keap. Boppedat binne der ek minder keaphuzen op de merk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)