150-tûzen besikers spoarmuseum

10 apr 2013 - 19:15
  • De famylje Heemstra

It nasjonaal Modelspoar Museum yn Snits hat woansdei syn 150-tûzenste besiker ûntfongen. It museum bestiet no sân jier. De famylje Heemstra wie de gelokkige. Se binne ferwolkomme mei in modeltrein en in bosk blommen.

De famylje komt út Lesotho yn Súd-Afrika. Neffens de direksje fan it museum jout de besite fan dizze famylje oan dat it museum besikers út de hiele wrâld lûkt. De famylje is Nederlânsk, mar hat yn Afrika in klinyk foar aidspasjinten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)