Grutte soargen oer Batavus

10 apr 2013 - 17:32

Wurknimmers fan fytsefabryk Batavus op It Hearrenfean meitsje harren grutte soargen oer de takomst. Woansdeitejûn komme se byinoar om troch de fakbûnen bypraat te wurden oer de reorganisaasje. Freed makke memmebedriuw Accell bekend dat mear as fjirtich minsken dien krije. It bedriuw moat reorganisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)