Nije loadsboat doopt yn Harns

10 apr 2013 - 17:21
  • Loadsboat De Hercules yn de haven fan Harns
  • De skippers fan de Hercules

De tagonklikens fan de haven fan Harns sil bot ferbetterje, no't woansdei de nije loadsboat Hercules yn de feart nommen is. Benammen winterdeis kin it nije skip better út de fuotten op de Waadsee. Dat ferwachtet it Nederlandse Loodswezen. Sy regelje alle dagen de logistike ôfwikkeling fan it skipfeartferkear.

De nije loadsboat Hercules waard woansdei yn Harns doopt troch twa pommeranten. Dat wiene âld-reedrydster Marianne Timmer en âld-politika en sportbestjoerder Erica Terpstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)