Arrestaasje yn saak-Heijltjes

Der is in fertochte oanhâlden yn de saak-Heijltjes. It giet om in 33-jierrige ynwenner fan De Fochtel. De man wurdt fertocht fan belutsenens by de gewelddiedige dea fan Marijke Heijltjes. Sy waard op 12 septimber ferline jier dea fûn yn har wenning oan de Klazingawei yn Easterwâlde.
De fertochte is ein maart al oanhâlden foar besykjen ta oerfal op in winkel yn Easterwâlde. De man wurdt ek yn ferbân brocht mei trije oare oerfallen yn Easterwâlde en ien yn Bakkefean.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de fertochte mooglik ek belutsen west hat by de gewelddiedige dea fan frou Heijltjes.