Auto sjit fytspaad op

Fytspaad © ANP
Yn Tytsjerk hat tiisdei in 76-jierrige autobestjoerder by fersin in fytsende frou oanriden. De Tytsjerker joech om ûnbekende redenen gas, doe't syn auto op de oprit fan in wenhûs stie. De auto skeat troch de tún it fytspaad op, dêr't de frou krekt fytste. De frou rekke licht ferwûne by de oanriding. Sy is nei it sikehûs brocht. De ynsittende fan de auto moast ek mei de ambulânse nei it sikehûs.
De plysje ûndersiket oft de 76-jierrige bestjoerder noch wol autoride mei.