Jild foar War Child stellen

10 apr 2013 - 13:19

In man fan 35 jier út Feanwâlden hat bekend dat er jild foar War Child stellen hat. De stellerij wie op 15 maart yn in snackbar oan de Alde Komerk op It Hearrenfean. It jild siet yn in pot op de toanbank. Nei ûndersyk waard dúdlik dat de Feanwâldster de dief wie. Hy is juster oanhâlden en hat bekend. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.

De plysje hat net bekendmakke hoefolle jild oft der yn de War Child-pot siet.

Trefwurden: 
stellerij War Child
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)