'Nije guozze-oanpak útfiere'

Boeren binne ûntefreden oer de útfiering fan it akkoart fan desimber tusken provinsjes, natuerbehearders en boeren oer de oanpak fan guozzen. It giet dan om de simmerguozzen. Dat binne guozzen dy't net fuortlûke, mar it hiele jier bliuwe. It akkoart foarsjocht yn mear mooglikheden om wat te dwaan tsjin de skea fan dy guozzen, mar dêr wurdt no noch gjin gebrûk fan makke.
De provinsje praat woansdei oer de nije guozze-oanpak. Boere-organisaasje LTO-Noard wol gau aksje tsjin de guozzen, ek om't dêr al ôfspraken oer makke binne.