Dronken Bontebokster oppakt

10 apr 2013 - 10:26
  • Fytser oerfallen yn fytstunnel

In 44-jierrige ynwenner fan Bontebok is yn de nacht fan tiisdei op woansdei oanhâlden foar it mislediging en bedriging fan de plysje. Foarbygongers hiene op It Hearrenfean yngrypt doe't de man dronken achter it stjoer sitten gean woe. De plysje waard ynskeakele en dy besocht mei de man yn petear te gean.

Doe't de man in legitimaasjebewiis jaan moast, wegere er dat. Dêrnei misledige en bedrige hy de plysje. De Bontebokster is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)