Quad en crossmotor stellen

10 apr 2013 - 10:16

Yn Drachten binne yn de nacht fan moandei op tiisdei in quad en in crossmotor stellen. Dy stiene yn in loads oan it Helmhout. De dief of dieven namen ek noch in bûtenboardmotor en in laptop mei. De quad is read en fan it merk Yamaha, Type Rapto, mei kenteken 95-KD-D1. De crossmotor is in Suzuki.

De eigener fan de loads hat oanjefte dien fan 'e stellerij. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)