Tips oer moard Easterwâlde

It hûs fan Eker yn Easterwâlde dêr't de sjitterij plakfûn © Omrop Fryslân, Eduard Rekker
De útstjoering fan it tillevyzjeprogramma Opsporing Verzocht hat tige brûkbere tips opsmiten yn de saak fan de dea fan Henk Ekers út Easterwâlde. Mei-inoar binne der seis tips binnenkaam. Ekers waard 9 jannewaris fan dit jier dea fûn yn in tún yn syn wenplak. Hy is mei geweld om it libben brocht.
Yn de útstjoering waard ûnder oare in foto sjen litten fan in man dy't mooglik wat te krijen hat mei de gewelddadige dea fan Ekers. Dêr binne ek tips oer binnenkaam.