Himpkwekerij yn Jobbegea

10 apr 2013 - 09:59

De plysje hat tiisdeitemiddei oan de Gentiaansingel yn Jobbegea in himpkwekerij ûntromme. De saak kaam oan it rôljen nei klachten oer wetteroerlêst by de berging fan de wente. Yn dy berging waard twa kweektinten mei goed fyftich himpplanten fûn. Alles is yn beslach naam en ferneatige. Tsjin de 32-jierrige eigenesse is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)