900 boetes útdield yn natuer

09 apr 2013 - 22:38

Minsken dy't harren net oan de regels hâlde yn de natuer, ha grutte kâns dat se in boete krije. Dat docht bliken út de sifers fan de saneamde Toezichtkring Natuurhandhaving fan 2012. Hjiryn sitte ûnder oare plysje, Steatsboskbehear en It Fryske Gea. Ferline jier waarden 116 prosessen-ferbaal opmakke en 900 bekeurings útskreaun. Fierders waard 230 kear guod yn beslach nommen. It giet by de oertrêdings bygelyks om hûnen dy't losrinne, mar ek om streuperij en ôffal dat yllegaal weismiten wurdt.

Der binne ek soargen oer yllegale rôffûgelferfolging en it tal fergiftigings by bisten. Dat is tanommen.

Trefwurden: 
natuer Toezichtkring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)