PVV: rem op ekstern personiel

Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De steatefraksje fan de PVV wol dat de provinsje Fryslân it mes set yn de kosten om ekstern personiel yn te hieren. Foarich jier gie it om in bedrach fan sa'n 15 miljoen euro op in totaal fan 63 miljoen euro foar personielskosten. Dat is sa'n 25 prosint. In pear jier lyn is der yn de Twadde Keamer in moasje oannommen weryn steld wurdt dat de kosten om ekstern personiel yn te hieren maksimaal 10 prosint wêze mei. De PVV wol dat de provinsje uterlik by de begrutting fan 2016 op de noarm fan 10 prosint sit.
De PVV komt yn de steatefergadering fan ein april mei in moasje oer dizze kwestje.