Gemeenten: proefkweek weed

09 apr 2013 - 19:44

Ljouwert en Smellingerlân wolle in proef mei it kweken fan weed en hawwe dêrfoar in foarstel yntsjinne by minister Ivo Opstelten fan ynlânske saken. Beide gemeenten wolle in sletten systeem wêrby der romte komt foar coffeeshops om sels weed te kweken. Dy weed meie se dan ek allinnich yn de eigen coffeeshop ferkeapje.

Oant no ta wurdt allinnich de ferkeap fan softdrugs yn coffeeshops tastien. De ynkeap en it kweken binne yllegaal.

It kweken fan weed liket hieltyd mear yn hannen te kommen fan kriminele organisaasjes, omdat lytse hobbykwekers de risiko's no te grut fine. Dêrtroch rint de kwaliteit fan it guod werom en is de kâns dat der gefaarlike bestridingsmiddelen brûkt wurde grutter. Ljouwert en Smellingerlân wurkje de plannen yn oerlis fierder út as der tastimming komt út Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)