Vaatstra te gast op Noordeinde

09 apr 2013 - 18:54

Bauke Vaatstra út De Westereen is tongersdei te gast by prins Willem-Alexander en prinses Máxima. De heit fan Marianne Vaastra is útnoege foar in lunsj op paleis Noordeinde. Hy makket ûnderdiel út fan in groep fan sa'n 25 minsken dy't it ôfrûne jier in bysûndere prestaasje levere ha.

Dat binne ûnder oare sjongeres Trijntje Oosterhuis en PvdA-partijlieder Diederik Samsom. Vaatstra is útnoege fanwege it winnen fan de Machiavellipriis, earder dit jier.

It wie earst noch net wis oft Vaatstra ek by de lunsj wêze koe, omdat mooglik de útspraak yn de moardsaak fan syn dochter Marianne tongersdei wêze soe. Mar dat is freed oer in wike.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)