SWF makket 2,6 miljoen winst

De gemeente Súdwest-Fryslân hat yn 2012 in winst fan 2,6 miljoen euro makke. Dat hie 4,5 miljoen euro wêze kinnen, mar de gemeente moast hast twa miljoen euro ôfskriuwe op grûn. De gemeente Súdwest-Fryslân makke de swarte sifers tiisdei bekend op in parsekonferinsje.
Dat de gemeente jild ôfskriuwe moat op grûn dy't troch de ekonomyske krisis net beboud wurdt, is spitich, mar noch altyd better as yn 2011. Doe moast Súdwest-Fryslân 10 miljoen euro ôfskriuwe op de grûn.