Snits Wyt Swart lulk op KNVB

09 apr 2013 - 15:51

Trainer Johan Groote fan sneinstopklasser Snits Wyt Swart is poerlilk op de KNVB. De fuotbalklup yn degradaasjeneed moat woansdei in wedstryd ynhelje, mar it is tentamenwike en dêrtroch moatte se fiif seleksjespilers misse. De klup hat by de KNVB útstel oanfrege, mar it fuotbalbûn wegeret dat.

Groote wol mei syn team graach de lêste kâns pakke om net te degradearjen. Hy fynt dat syn klup net earlik behannele wurdt. Alles byinoar mist Groote woansdei njoggen spilers. Se spylje dan út yn Echt tsjin EVV, dat fyfde stiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)