Brân yn bungalow Eastersee

Brân yn bungalow Eastersee © Scoopshot, Menno Dijkstra
Der hat tiisdeitemiddei brân west yn in bungalow yn Eastersee. De bungalow stiet oan de Landmansweg yn it doarp. It fjoer yn de iepen hurd is nei alle gedachten de oarsaak fan de brân. It reiden tek fan de bungelow fleach troch it fjoer yn 'e brân.
De brânwacht liet it tek kontrolearre útbrâne, om't it tek dochs net mear te rêden wie. By de brân rekke net ien ferwûne.