Kâns foar Polderhoofdkanaal

09 apr 2013 - 13:56

De gemeente Opsterlân hat in nije ûntheffing krigen foar de weriepening fan it Polderhoofdkanaal by Nij Beets. Neffens de steatssiktaris fan ekonomyske saken hat Opsterlân yn de nije oanfraach foldwaande rekken hâlden mei de natuerwearden.

Wethâlder Jonkman is tige ynnommen mei de ûntheffing. Dochs giet de skeppe net fuortendaliks de grûn yn. Earst moat in oare juridyske proseduere ôfwachte wurde. Neffens in wurdfierder makket de gemeente mei dizze nije ûntheffing mear kâns by de Ried fan Steat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)