Gjin útwreiding keallekrupsje

It liket der op dat de feesykte BVD type 2 him net útwreidet nei oare bedriuwen. Dat seit in wurdfierder fan de Sûnenstsjinst foar Bisten yn Dimter. De tsjinst hat de sykte oant no ta by 4 keallehâlderijen fêststeld; 3 yn Gelderlân en 1 yn Fryslân.
By in tal oare bedriuwen dat fertocht wie is de sykte net oantroffen. De sykte komt út Dútslân. BVD is in faak foarkommende sykte by kij. En type 2 is in aggressive ferzje dêrfan. Keallen dy't it krije geane dea of moatte ôfmakke wurde. De earste útbraak wie al op 13 maart.