OZB heech yn Ljouwerteradiel

09 apr 2013 - 10:44

Ljouwerteradiel is de gemeente mei de heechste belestings fan Fryslân. Dat docht bliken út it ûndersyk nei lokale lesten fan it ynstitút COELO fan de universiteit yn Grins, dat tiisdei bekend makke is. De gemeente stiet op it 28e plak fan gemeenten mei de heechste lesten. Op nûmer ien stiet Wassenaar. De goedkeapste Fryske gemeente is It Amelân.

De ferskillen tusken gemeenten binne grut. Yn Ljouwerteradiel betellet in húshâlden alle jierren goed 300 euro mear oan ûnreplikesaakbelesting, ôffalstoffeheffing en rioelheffing as op It Amelân.

Oare Fryske gemeenten mei hege lesten binne Skiermûntseach en Boarnsterhim. Harns en Skylge hawwe legere belestings, sa hat de universiteit besifere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)