Plysje pakt lûdsprekkers ôf

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat moandeitejûn de lûdsprekkers fan in Hearrenfeanster (22) yn beslach nommen, omdat de man foar de twadde kear yn koarte tiid foar lûdsoerlêst soarge. De man produsearre safolle leven yn syn hûs oan de Jan Mankesleane, dat ferskate buertbewenners hjiroer klagen.
De plysje hie in wike earder ek al by de man oan de doar west om him te warskôgjen. Omdat de man moandei syn muzyk wer te hurd klinke liet, namen de plysjes no syn lûdsprekkers yn beslach. Ek waard proses-ferbaal opmakke tsjin de man.