Heech moat wekker wurde

Heech moat wer brûze. It doarp is wat yn sliep sukkele de ôfrûne jierren. En dat moat oars fynt de lokale VVV. Mei help fan in wurkgroep binne plannen ûntwikkele om wer wat roerichheid te krijen yn it wettersportdoarp.
Sa komt der in Heechpas mei aktiviteiten yn it doarp, toeristen krije in Heechtas mei ynformaasje en aardige en lekkere saken út it doarp en der komt ek fergees ynternet. Om fierder foar drokte te soargjen moat der in lyts poadium komme foar lytse en spontane optredens.