Jong H'fean rûkt kampioenskip

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean is wer in stap tichteby it kampioenskip yn de beloftekompetysje. Jong FC Twente, de kampioen fan it ôfrûne seizoen, waard op sportpark Skoatterwâld mei 3-1 ferslein. Doke Schmidt sette mei in eigen doelpunt Twente al betiid op foarsprong. Mark Uth soarge foar de lykmakker nei in goed kertier. De beslissing fan in hiele aardige wedstriid foel in de twadde helte doe't Kenny Otigba de 2-1 binnenkopte en keeper Brian Vandenbussche alles tsjinhâlde koe. Yn de ekstra tiid soarge Oussama Tannane foar de 3-1.
Jong Hearrenfean hat no 41 punten út 16 wedstriden. Jong Ajax is twadde mei 30 út 16. Oer fjirtjin dagen treffe de ploegen elkoar yn it Abe Lenstrastadion.