Nij Bethanië giet net troch

08 apr 2013 - 20:56
  • Spandoek foar Lutz Jacobi yn Tsjummearum

De nijbouplannen foar fersoargingshûs Nij Bethanië yn Tsjummearum kinne sa as dy no op papier stean, definityf net trochgean. Dat sei Noorderbreedtedirekteur Johan Lettink moandei op in wurkbesite fan PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi en VVD-Keamerlid Aukje de Vries.

It personiel, de bewenners en it doarp fiere al in skoft aksje foar it trochgean fan de plannen dy't fyftjen miljoen euro kostje en in tal foarsjennings foar it doarp konsintrearje moatte. 

De plannen stiene faai sûnt it ryk besleat dat in grutte groep takomstige bewenners de soarch aanst thús krije moat yn stee fan yn in fersoargingshûs. Neffens Nettink moat der foar de simmer oerienstimming wêze oer in alternatyf plan. Oars giet der hielendal neat troch. De lanlike polityk wiist foaral ek nei de by de plannen belutsen partijen lykas Noorderbreedte, de wenningboustifting, de gemeente en it doarp foar in oplossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)