Keallesykte yn Fryslân

08 apr 2013 - 20:35

Op fjouwer keallehâlderijen yn Nederlân is de sykte BVD type 2 útbrutsen. De earste útbraak is al fan mids maart. Ien fan de bedriuwen stiet yn Fryslân. Wêr yn Fryslân is net bekend makke. De oare trije bedriuwen stean yn Gelderlân. Op de troffen bedriuwen binne de besmette keallen ôfmakke. Bisten dy't de sykte net hawwe, wurde sparre.

Boeren krije gjin kompensaasje foar de keallen dy't romme wurde. De besmetting komt út Dútslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)