Hier Elkien net ekstra omheech

Hierders fan wenningboukorporaasje Elkien krije de kommende twa jier gjin ekstra hierferheging. It hierdersplatfoarm Nieuw Elan hat mei Elkien ôfpraat dat de hier ferhege wurdt mei it ynflaasjepersintaazje fan 2,5 persint.
De wenningboukorporaasje hat in soad hierders dy't oan de ûnderkant fan de merk sitte. Dy groep wurdt hurd troffen troch alle besunigings. Om foar te kommen dat twongen hûsútsettings plakfine hawwe beide partijen ôfspraken makke.