SWF ûndersiket koartingspas

08 apr 2013 - 16:14
  • It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits

De gemeente Súdwest-Fryslân docht ûndersyk nei de ynfiering fan in koartingspas foar alle ynwenners en toeristen. Dy pas soe dêrneist ek brûkt wurde kinne foar it minimabelied. Mei de pas soe de besitter ûnder oaren koarting krije kinne op it teater of by de sportferiening.

De gemeente wol ek besjen oft ek kommersjele partijen lykas winkels en restaurants belangstelling hawwe om oan de koartingspas mei te dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)