Gjin jild foar akwadukt yn A6

08 apr 2013 - 16:10

In mearderheid yn de Twadde Keamer sjocht neat yn de bou fan in akwadukt ûnder de Skarster Rien by De Jouwer. Moandei wurdt yn de keamer praat oer de ynfrastruktuer en de besunigings dêrop fan it ministearje fan ferkear. Regearingspartijen VVD en PvdA fine it akwadukt net needsaaklik. Se folgje dêrmei it stânpunt fan minister Schultz van Haegen. Dy fynt dat it akwadukt neat taheakket.

De kâns is dan ek lyts dat it akwadukt dochs noch jild krijt. De Fryske lobby foar it akwadukt hat oant no ta net folle fertuten dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)