Fytser ferwûne nei oanriding

08 apr 2013 - 15:22

In fytser (50) út Oentsjerk is moandeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding yn Ljouwert. De man fytste oer de Fersetsstrjitte yn de Frijheidswyk. Hy botste op in auto dy't fan in oprit ôf stadich de strjitte opried.

De fytser botste tsjin de foarkant fan de auto. De man is mei in wûne oan de holle oerbrocht nei it sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)