Sjitpartij Easterwâlde op tv

Sjitpartij Easterwâlde
Tv-programma Opsporing Verzocht jout tiisdei omtinken oan de deadlike sjitpartij yn Easterwâlde. Dêrby kaam op 9 jannewaris Henk Eker (51) om it libben. Yn it ûndersyk binne oant no ta fjouwer minsken oanholden. Fan har sit in Amsterdammer (27) noch fêst. In man (29) út Bovensmilde is noch hieltyd fertochte, mar is wol frijlitten.
Yn Opsporing Verzocht wurde foto's toand fan in fertochte dêr't de plysje nei op syk is. Ek wol de plysje wite wa't de auto's werkent dy't op in foto stiet.