Dokkumer rydt 150 km de oere

Plysjemotor © Omrop Fryslân
De plysje hat snein oan 'e ein fan de middei by Easternijtsjerk it rydbewiis fan in motorrider (33) út Dokkum ynfoardere. De man ried mei 150 kilometer de oere oer de N381 by Mitselwier. De plysje seach dat en besleat om in snelheidsmjitting te dwaan. De man ried sa'n bytsje kontinu 150 km de oere. Ek by krusings ried de man net stadiger.
By Easternijtsjerk ried de man 140, wylst dêr 70 km de oere tastien is. De plysje joech de man in stopteken en naam syn rydbewiis yn. Ek waard proses-ferbaal opmakke tsjin de snelheidsduvel.