Museumwykein: 16.000 besikers

Sa'n 16.000 minsken kamen dit wykein yn Fryslân ôf op it museumwykein. Dat binne der sa'n 4.000 minder as ferline jier. Fan alle musea dy't meidiene wie it it drokst yn museum Princessehof. Dy hat no in eksposysje oer Ming-diggelguod.
Dêrnei luts it Natuurmuseum Fryslân de measte besikers. Benammen by musea mei in in soad bûtenaktiviteiten wie it drok. Sa luts museum Martenahûs yn Frjentsjer goed 600 minsken en kamen der in soad ôf op it Skipfeartmseum yn Snits. Dêr wie in spesjale kuier lâns de Wetterpoarte organisearre.