Gouden wimpel foar Overdijk

07 apr 2013 - 19:47
  • De leppelbek

Natoerbehearder Otto Overdijk fan Skiermûntseach hat in ûnderskieding krigen fan de Nationale Postcodeloterij. It giet om de Gouden Wimpel. Overdijk krijt de priis foar syn baanbrekkende wurk. Foar de natoer en de rekreaasje yn it algemien mar yn it bysûnder foar syn ynset foar de leppelbek.

Overdijk folget de fûgels lâns de trekrûte nei Afrika. Hy docht dêr in soad ûndersyk en helpt by it oplieden fan fûgelûndersikers. Njonken de wimpel krijt hy ek in jildbedrach fan 25-tûzen euro. Dat mei Overdijk brûke foar projekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)