Konsert op Aldehou

07 apr 2013 - 15:17
  • Melvin van Eldik spilet ûnder de klok op Aldehou
  • Taskôgers by iepening museumwykein Ljouwert
  • Skilderjende bern by Prinsessehôf

Melvin van Eldik hat sneon it museumwykein yn Ljouwert iepene mei in koart konsert op de Aldehou. De sjonger brocht mei band op de ballustrade foar de klok it liet All along the Watchtower yn it Liwwarders. De ferneamde skeane toer is yn it museumwykein fergees te besjen.

Sneintemiddei om trije oere wie der noch yn bysûnder konsert yn Ljouwert. Jankobus Seuninga brocht yn it timpeltsje fan Pier Pander lieten basearre op fersen fan Louis Couperus.

By keramykmuseum Prinsessehôf sieten bern snein bûtendoar yn de sinne te skilderjen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)