Snitser mishannele yn tunnel

07 apr 2013 - 11:26

In 29-jierrige man út Snits is sneontenacht yn syn wenplak mishannele. De man rûn tsjin healwei fjouweren troch it tunneltsje yn de Bloemstrjitte en kaam dêr in stik of seis jongeren tsjin. Se rôpen wat tsjin him, mar de man sei neat, omdat er wol yn de gaten hie dat se op rúzje út wiene. Doe't er it tunneltsje fierder ynrûn, kamen se op him ôf, treaunen him tsjin de grûn en skopten him. De man koe oerein komme en sloech ien fan syn belagers yn it gesicht. De groep naaide doe út. Se binne noch net oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)