Lunterse fanfare kampioen

De Iepen Nederlandse Fanfare Kampioenskippen yn De Lawei yn Drachten dit wykein binne wûn troch fanfare Kunst na Arbeid fan Lunteren ûnder lieding fan Erik Kluin. It orkest helle 88 punten mei it spyljen fan it ferplichte wurk Heaven on Earth fan Maurice Hamers. Kunst na Arbeid folget fanfare Joost Wiersma fan Jistrum op, de kampioen fan 2012. Fryske súksessen wiene der yn de twadde en tredde divyzje, mei de fanfares Excelsior fan Ousterhaule en Tida Kira fan Muntsjesyl/Lauwerssyl.
By de fanfarekampioenskippen spilen ferdield oer fiif divyzjes 31 orkesten om de heechste eare. Yn Muzyk Maskelyn, sneintejûn om seis oere, binne alle winners te hearren. It programma duorret langer as oars. De Jûn fan Fryslân sil dêrom net om sân oere, mar letter begjinne.
It ferdwinen fan Muzyk Maskelyn by Omrop Fryslân waard by de fanfarekampioenskippen ek oanstipt troch sjueryfoarsitter Jan de Haan. Hy is der min oer te sprekken dat de Omrop fanwege besunigingen besletten hat it programma te skrassen. Hy neamde dat in klap yn it gesicht fan de korpsen en orkesten. Neffens de Haan wurdt it programma wykliks beharke troch tsientûzenen minsken út Fryslân en dêrbûten. De muzykorganisaasjes hawwe yntusken in ôfspraak foar in petear mei Omrop Fryslân.