Wer ferlies Harkemase Boys

06 apr 2013 - 22:21

Harkemase Boys hat foar de tredde kear op rige ferlern. Sneontejûn wie HZVV op sportpark De Bosk de sterkste. Beide ploegen wiene oaninoar weage. Harkemase Boys hie wol it measte balbesit, mar krige amper kânsen. De goal fan Maurice Mulderij yn de 78e minút wie genôch foar de ploech út Hoogeveen om de trije punten mei te nimmen. HZVV en Harkemase Boys ha no beide 26 punten. De degradaasjestreek bliuwt foar beide ploegen tichtby.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)