Ljouwerters winne Condensloop

06 apr 2013 - 17:58

Hurdrinner Remon van Lunzen hat sneon yn eigen stêd de Condensloop op syn namme skreaun. De hurdrinner fan Lionitas rûn de heale maraton yn in winnende tiid fan 1.10.47. It twadde plak gong nei de Belch Geert Steenmans, dy't nei 1.13.53 oer de streek kaam. Jan Venhuizen fan Smilde waard tredde yn 1.14.48.

By de froulju wie Yvonne Kassenberg út Ljouwert de bêste. Kassenberg, ek lid fan Lionitas, klokte in winnende tiid fan 1.19.11. It twadde plak gong nei har ploechgenoate Sandra van Strien fan Burgum, dy't 1.28.57 notearre.

Trefwurden: 
hurdrinnen Condensloop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)