Wetterpoartefeest begûn

in wek by de wetterpoarte
Yn Snits binne sneon de festiveiten begûn foar it 400-jierrich bestean fan de Wetterpoarte. Boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân joech dêr it startsein foar. De kommende moannen binne der geregeld aktiviteiten om de wetterpoarte hinne, lykas
iepenloftkonserten en sportwedstriden.
Yn de Wetterpoarte sels is in eksposysje te sjen oer it 400-jierrich bestean fan it gebou. Skiedkundigen tinke dat de Wetterpoarte ein fyftjinde ieu boud is. Begjin 17e ieu waard er ferboud ta sierpoarte. Dêrom is 1613 as boujier de boeken yngien.