6725 besikers brânwachtkazerne

06 apr 2013 - 16:51

De iepen dei fan de nije brânwachtkazerne yn Ljouwert hat sneon 6725 besikers lutsen. De kazerne is freedtejûn offisjeel iepene. Sneon koe elk dy't dat woe, komme te sjen. Njonken de romte foar de spuitauto's en apparatuer binne der ek in sportseal, sliepkeamers en kantoaren.

It nije gebou hat seis miljoen euro koste. It jout ûnderdak oan tsientallen brânwachtminsken, allegearre berops. De frijwillige brânwacht hat in ûnderkommen yn Bilgaard yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)