Postma pakt sulver yn Majorka

Pieter-Jan Postma (argyffoto) © Robert Deaves/Finnklasse
Finnsiler Pieter-Jan Postma fan Terkaple hat sneon it sulver pakt by it wrâldbekersilen om de Sofia Cup yn Palma de Majorka. Postma koe yn de twa finaleraces syn efterstân fan 3 punten op de Brit Giles Scott net mear goedmeitsje. Postma waard in kear twadde en in kear fiifde, Scott beide kearen tredde.
Scott, de Ingelske wrâldkampioen fan 2011, pakte mei 17 punten de winst, Postma einige mei 22 punten. It brûns wie foar Vasilij Zbogar út Slovenië mei 45 punten.