Kas hiere foar túnkjen

Roazekwekerij Hartholt út Droegeham ferhiert in part fan 'e kassen oan minsken dy't graach in folkstúntsje ûnder glês hawwe wolle. Foardiel dêrfan is dat it túnseizoen dan langer is en der ek griente- en fruitsoarten kweekt wurde kinne dy't net bûtendoar kinne. Fierders is it ek in útkomst foar minsken dy't krap yn de tiid sitte en ôfhinklik binne fan it waar as se túnkje wolle.
Hartholt hat no trettjin minsken dy't in stikje grûn yn syn kassen hiere.